Uitzending
Fryslân Dok - 

Fjouwer doarpen by Dokkum hawwe mei-inoar de krimp en de fertutearzing fan harren âlde doarpssintra oanpakt

Fjouwer doarpen by Dokkum hawwe mei-inoar de krimp en de fertutearzing fan harren âlde doarpssintra oanpakt

Fryslân Dok

15-2-2015

| 1194 x bekeken | 0 reacties
6
Yn Ie, Mitselwier, Peazens en Holwert binne Dorps Fryske doarpen pakke de krimp oan: Fjouwer doarpen by Dokkum hawwe mei-inoar de krimp en de fertutearzing fan harren âlde doarpssintra oanpakt. Yn Ie, Mitselwier, Peazens en Holwert binne Dorps Ontwikkelings Maatschappijen (DOM’s) oprjochte; in eksperimint fan fiif jier. Stipe komt der fan gemeente en provinsje. Húseigeners yn in beskerme doarpsgebiet kinne maksimaal 5000 euro krije om huzen op te knappen. Dat begjinkaptaal lűkt de eigeners en banken meastentiids krekt oer de streek. In tal rotte kiezzen yn de doarpen binne al oanpakt. De pleatslike oannimmers hawwe dęrtroch mear wurk. Ek binne der plannen űntwikkele foar toeristyske aktiviteiten. Ie wurket oan fernijing fan it Flaaksmuseum, Peazens-Moddergat wurket oan in sammelpunt foar radiostjoeramateurs en in lyts wurkplak foar muzikanten, dęr’t ek foarstellings hâlden wurde kinne. Mitselwier komt mei in Waadtoer by nijsgjirrige plakken del. Holwert wurket oan it projekt Holwerd aan Zee. De foarsitters fan de DOM’s stean sintraal yn dizze film fan Thom Verheul. Mei harren rint hy de doarpen, suksessen, knyppunten en noch űnferfolle winsken del. Fryslân DOK: Fryske doarpen pakke de krimp oan:,/strong> Snein 15 febrewaris om 17:00 oere en dęrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 14 febrewaris om 15:35 en snein 15 febrewaris om 12.25 oere op NPO 2.

Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Fjouwer doarpen by Dokkum hawwe mei-inoar de krimp en de fertutearzing fan harren âlde doarpssintra oanpakt werd uitgezonden op zondag 15 februari.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie