8-2-2015
1614 x bekeken | 0 reacties
Mei Lars Aukema fan De Jouwer in topprestaas Itensiede foar goudTwa jier lang is hy dwaande mei de tariedings foar in wedstryd fan krapoan seis oeren
Jan Smink, topkok út Wolvegea. Syn doel: mei Lars Aukema fan De Jouwer in topprestaasje delsette op de Bocuse d'Or, it wrâldkampioenskip itensieden yn Lyon. Smink sette der alles foar oan de kant. Syn plande houlik mei syn freondinne Anne Jonkers waard útsteld en hy stapte op as sjefkok by Kookstudio Kwartier-Noord. Hast obsessyf wie er dwaande mei de tariedings op de wedstryd. In skriuwblok neist it bêd foar goede ideeën en alle frije tiid brûke om saken te ferbetterjen.
Omrop Fryslân folge team Nederlân yn de lêste moanne foar de wedstryd. In team fan Friezen, yn de lêste moanne fol dramatyk. Want Lars Aukema waard útskeakele nei’t in oven op syn hân foel. In dokumintêre fan Hayo Bootsma en kameraman Dirk Hofstede.
Fryslân DOK: Itensiede foar goud
Snein 8 febrewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 7 febrewaris om 15:35 oere en snein 8 febrewaris om 12.25 oere op NPO 2.
Deze uitzending van het programma Fryslân Dok werd uitgezonden op zondag 8 februari.