Uitzending
Fryslân Dok - Pier 21 yn de haven fan Halifax, de grutste stêd fan de provinsje Nova Scotia

Pier 21 yn de haven fan Halifax, de grutste stêd fan de provinsje Nova Scotia

Fryslân Dok

1-3-2015

| 1837 x bekeken | 0 reacties
7
Yn de jierren fyftich fan de foarige ieu wie dat it einpunt fan in lange seereis foar tsientûzenen Nederlânske emigranten. De terminal fungearret no as it immigrantemuseum fan Kanada.

Ien fan de rûnlieders yn it museum, George Zwaagstra, fertelt yn dizze dokumintêre syn libbensferhaal. Hy emigrearre yn 1951 as Sjouke Zwaagstra út it Fryske Tsjerkwert wei nei Kanada, op syk nei in nije takomst. Der wie ferlet fan ekspertize yn de lânbou en hjirtroch bedarren de Fryske emigranten benammen rûnom de provinsjes Ontario en yn Nova Scotia.

Se waarden keppele oan in Kanadeeske sponsor, mar in nij bestean opbouwe wie foar de measten dochs net maklik. Se moasten wenne oan de taal en kultuer en der wie in soad earmoede. George Zwaagstra en trije oare Fryske emigranten fertelle oer harren earste wiken yn Kanada en wat dêr allegear by komt sjen as je je fêstigje yn in nij lân.

Fryslân DOK: Pier 21, poarte nei de hoop

Snein 1 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Ek te sjen op sneon 28 febrewaris om 15.35 en snein 1 maart om 12.25 oere op NPO 2.

Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Pier 21 yn de haven fan Halifax, de grutste stêd fan de provinsje Nova Scotia werd uitgezonden op zondag 1 maart.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie