It projekt moat derfoar soargje dat it greidelânskip syn ferskaat behâldt.
It ferlies fan it biokulturele ferskaat is in Europeesk probleem. Komponist Sytze Pruiksma en biolooch Theunis Piersma reizgje dêrom by de trekrûte fan de skries del. De inisjatyfnimmers fan it projekt binne benaud dat troch de ferearming fan it lânskip ek de kultuer en de taal earmer wurde en sykje dêrom meistanners yn Spanje,
Portugal en Frankryk. It doel is de boeren dêr en dy yn Fryslân te stimulearjen om natuerfreonliker te buorkjen.
Fryslân DOK: Kening fan ‘e greide
Snein 22 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 21 maart om 15.35 oere en snein 22 maart om 12.25 oere op NPO 2.
Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Kening fan ‘e greide werd uitgezonden op zondag 22 maart.