De Dútske prinsesse Maria Louise van Hessen-Kassel
5-4-2015
| 1358 x bekeken | 0 reacties
Fanwegen har grutte populêrens waard se Marijke Meu neamd, oftewol muoike Marijke. Yn har 250ste stjerjier dûkt Fryslân DOK yn it bysûndere libbensferhaal fan dizze frou.
Maria Louise spile in wichtige rol yn it fuortbestean fan it Hûs fan Oranje. Doe’t se troude mei de Fryske stedhâlder Johan Willem Friso wie de Oranje-dynasty hast útstoarn. Nei in houlik fan mar twa jier stoar Johan Willem Friso. Seis wiken letter joech Maria Lousie berte oan syn opfolger: Willem IV. Hy soe letter it stedhâlderskip erve.
26 jier lang wie Maria Louise regintes foar har soan en letter ek foar har beppesizzer. Se oerlibbe sawat al har neisten en ferdigene yn in rûzige tiid de belangen fan de Oranje Nassau’s. Fryslân DOK giet oer har jeugd yn it Dútske Kessel, har houlik en har populêrens ûnder it Fryske folk, mar ek oer wat Maria Louise betsjut hat foar it keningshûs fan no.
Fryslân DOK: Maria Louise, mei de eagen fan no
Snein 5 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 4 april om 15.35 oere en tongersdei 9 april om
14.15 oere op NPO 2.
Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel De Dútske prinsesse Maria Louise van Hessen-Kassel werd uitgezonden op zondag 5 april.