Uitzending
Fryslân Dok - Fryslân 4045<br /><br />Wat de oarloch mei ús die diel 1<br /><br />Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’

Fryslân 4045

Wat de oarloch mei ús die diel 1

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’

Fryslân Dok

12-4-2015

| 1447 x bekeken | 0 reacties
5
Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane.

“It giet noait wer fuort. Wat wy meimakke ha, bliuwt in libben lang by ús’’, seit ien fan de ynterviewden. Oan de hân fan fiif tema’s dy’t de oarlochstiid yn Fryslân foar in grut diel bepaald hawwe, fertelle goed tritich minsken oer harren ûnderfinings. De tema’s binne de Molkstaking, de loftoarloch, de Arbeidseinsatz, Fryslân as feilige haven en bern fan de befrijing.

De earste ôflevering giet oer de Molkstaking fan 1943. De wrede ûnderdrukking fan de massale staking troch de Dútsers soarge foar in omkear yn de Fryske oarlochsjierren. Yn de tiid foar de Molkstaking wie der in reedlik ûntspannen ferhâlding tusken de Dútsers en de Friezen. Mar as de besetter by de Molkstaking 22 Friezen deasjit is dat oer. Yn de lêste twa oarlochsjierren is der sprake fan terreur en represje. As reaksje dêrop kriget it ferset yn Fryslân hieltyd mear stipe fan de befolking.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (1)

Snein 12 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 11 april om 15.35 oere en tongersdei 16 april om 14.15 oere op NPO 2. De oare ôfleverings binne te sjen yn de fjouwer wykeinen dêrnei.

Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Fryslân 4045

Wat de oarloch mei ús die diel 1

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ werd uitgezonden op zondag 12 april.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie