Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn dizze twadde ôflevering stiet de loftoarloch sintraal. In soad piloaten dy’t in crash oerlibben waarden op in ‘piloatenline’ set; in smokkelrûte nei Inglân. Fryslân DOK rekonstruearret de organisaasje fan dy piloatesmokkel en hoe’t de measten úteinlik yn it Belgiske Wuustwezel yn de fal fan de Dútsers rûnen.
Stanley Stanckewicz fertelt yn dizze twadde ôflevering hoe’t hy de oarlochstiid belibbe hat. Hy wie piloat op in Amerikaanse bommesmiter yn 1943. Doe't Stanckewicz fan in missy boppe Berlyn weromkaam, stoarte hy del by Warten. ‘’Ik wie 23 jier en tocht dat myn libben foarby wie’’, fertelt Stanckewicz. Hy oerlibbe de crash en waard troch in fersetsgroep fan
Tiny Mulder út Drachten yn feiligens brocht.
Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Fryslân 4045
Wat de oarloch mei ús die diel 2
Nei oanlieding fan 70 jier befrijing is ôfrûne snein begongen mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ werd uitgezonden op zondag 19 april.