Uitzending
Fryslân Dok - 5-10-2014

5-10-2014

Fryslân Dok

1068 x bekeken | 0 reacties
7
Fleanend de takomst yn, De fleanbasis Ljouwert stiet oan it begjin fan de nije takomst fan de loftmacht. Hie definsje earst noch it foarnimmen om de Fryske basis te sluten, no is dúdlik dat de beide nije tastellen fan Nederlân dêr in plak krije: De MQ-9 Reaper en de F-35. De MQ-9 Reaper is in drone dy't op tûzenen kilometers ôfstân bestjoerd wurde kin. It grûnstasjon komt op de fleanbasis Ljouwert te stean. Ek de F-35, oftewol de JSF, kriget dêr in plak. Krekt lykas by de F-16 moat de fleanbasis Ljouwert it kennissintrum wurde foar de brûkers fan dat tastel. De nije takomst wurdt taret yn de Feriene Steaten. Bygelyks op de fleanbasis Eglin yn Florida dêr't de earste minsken leare te wurkjen mei de F-35. En midden yn de woastyn fan New Mexico, op de fleanbasis Holloman. Dêr krije de earste minsken ynkoarten harren oplieding foar it bestjoeren en betsjinjen fan de MQ-9 Reaper, in drone, of oars sein, in Unmanned Aerial Vehicle (UAV). Al dizze plannen betsjutte dat der wer ynvestearre wurdt op de fleanbasis. Dat wurdt net inkeld dien yn gebouwen, mar ek yn minsken. Sa sil nei de takomst ta de gearwurking mei de hegeskoallen fierder útboud wurde. Sels no't op de basis hurd wurke wurdt oan in nije takomst, wurdt ynset frege fan F-16's en personiel yn de striid tsjin IS. De fleanbasis Ljouwert hat dus wer in takomst. Ien dy't opboud wurdt yn de Feriene Steaten om nei 2018 útrôle te wurden yn Ljouwert. De Ljouwerter fleanbasis kin 'fleanend de takomst yn'

Deze uitzending van het programma Fryslân Dok werd uitgezonden op zondag 5 oktober.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie