Uitzending
Fryslân Dok - Folslein autentyk en op eigen krêft grut wurden, tsjin de stream yn

Folslein autentyk en op eigen krêft grut wurden, tsjin de stream yn

Fryslân Dok

19-10-2014

| 1147 x bekeken | 0 reacties
6
Biograaf Doeke Sijens hat wiidweidich ûndersyk dien nei libben en wurk fan Benner. Sijens trof boarnen oan dy’t it romantyske byld gâns nuansearje. Hy kaam der ek achter dat Benner foar de oarloch linkse sympatyen hie en dat er al hiel betiid Dútske flechtlingen holp. Yn de oarloch siet Benner yn it ferset. Sijens syn boek oer Benner, mei dêryn ek bydragen fan Han Steenbruggen fan Museum Belvédère en fan Saskia Bak en Judith Spijksma fan it Fries Museum, ferskynt op sneon 4 oktober. It boek wurdt útjûn nei oanlieding fan twa útstallings fan Benner syn wurk: ien yn Museum Belvédère op It Hearrenfean en ien yn it Fries Museum yn Ljouwert. Dêr sil ek wurk te sjen wêze út partikulier besit dat noch nea earder eksposearre is. Ek te sjen op sneon 18 oktober om 10:30 oere en op snein 19 oktober om 15:30 oere op NPO 2.

Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Folslein autentyk en op eigen krêft grut wurden, tsjin de stream yn werd uitgezonden op zondag 19 oktober.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie