Uitzending
Omrop Fryslan - Hynstekeuring

Hynstekeuring

Omrop Fryslan

10-1-2015

| 1507 x bekeken | 0 reacties
7
Hynstekeuring 2015 By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ¶Het Friesch Paarden-Stamboek¶. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk kommentaar en ek foar de earste kear mei Dútsk kommentaar. Njonken de keurings binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ¶Kampioen stamboekhynst¶. Trije jier efterinoar waard ¶Norbert 444¶ de grutte kampioen, mar hokker hynst sil op 10 jannewaris de titel bemachtigje? Dat wurdt tusken 17:00 en 17:30 oere bekend. De jierlikse hynstekeuring fan de Koninklijke Vereniging ¶Het Friesch Paarden-Stamboek¶ is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Mar alle jierren is der ek in showjûn. Op freed 9 jannewaris fan 19:30 oere ôf is de pyste omboud foar de show: ¶Relaasje tusken minske & hynder¶. It ynternasjonale karakter fan de Fryske hynders komt ta útdrukking yn de showjûn. Dielnimmers út Súd-Afrika, Sweden, Ingelân en sels Amearika komme spesjaal foar dizze show nei Ljouwert. De kür op muzyk ûnder begelieding fan nimmen oars as Wibi Soerjadi sil bjusterbaarlik wurde. Ek Joey, it hynder út de musical ¶Warhorse¶, komt foarby en Gerrit Breteler sjongt tegearre mei Mintsje de Boer in prachtich liet. Dat alles wurdt ôfwiksele mei túchrubriken yn ferskate foarmen, in ymposante frouljuskarrûselgroep en de jongste dielnimmer hielendal út Amearika: de tsienjierrige Erica Matherly. De showjûn is live te folgjen op Omroplive.nl Hynstekeuring Live Freed 9 jannewaris fan 19:30 oere ôf op www.omroplive.nl Sneon 10 jannewaris fan 8:30 oere ôf op www.omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje. Yn it skoft tusken 12:00 en 12:30 oere is in kompilaasje fan de showjûn te sjen. Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.

In deze uitzending van Omrop Frysland was Wibi Soerjadi te gast. Deze uitzending van het programma Omrop Frysland met de titel Hynstekeuring werd uitgezonden op zaterdag 10 januari door Omroep Friesland.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie