Uitzending
Omrop Fryslan - 18yn2018 fan 22 juny 2015 17:20

18yn2018 fan 22 juny 2015 17:20

Omrop Fryslan

22-6-2015

| 1311 x bekeken | 0 reacties
7
Yn 18yn2018 folgje wy fjouwer jier lang jongerein fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy dus achttjin jier ald. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje jout in bysûnder byld fan de jonge minsken en harren eigen takomstdreamen.

Yn de earste ôflevering komme wy yn de kunde mei Anne Mare Bergsma út Ljouwert en Moos van Breukelen út Kollumersweach.

Anne Mare is hielendal gek fan dûnsjen. Sy sit op de Jeugd Dans Opleiding Fryslân yn Ljouwert en folget lessen yn Snits by Raymond Guzman. Letter wol sy dan ek profesjoneel dûnseres wurde.

Moos van Breukelen wennet noch mar in pear jier yn Fryslän, hy is berne yn Soest. De heit en mem fan Moos wiene in kear te gast op de Wingerd yn Damwâld, dy spesjale skoalle like har fantastysk foar Moos. Sadwaande binne sy ferhuze fan Utrecht nei Fryslân.

18yn2018 is te sjen alle dagen om 17.20 oere en hjir nei alle oeren nei Hea!

Deze uitzending van het programma Omrop Fryslan met de titel 18yn2018 fan 22 juny 2015 17:20 werd uitgezonden op maandag 22 juni door Omroep Friesland.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie