18yn2018 fan 24 juny 2015 17:20
24-6-2015
| 907 x bekeken | 0 reacties
Yn 18yn2018 folgje wy fjouwer jier lang jongerein fan trettjin en fjirtjin jier. Yn 2018 binne sy dus achttjin jier ald. Ferline jier binne de earste opnamen makke. De searje jout in bysûnder byld fan jonge minsken mei har eigen takomstdreamen.
Ilse Klijnstra fan Snits hat it drokker as de measte famkes fan trettjin jier. Har mem hat MS en sit al in pear jier yn in rolstoel. As Ilse út skoalle komt moat sy geregeld it iten sierde of boadskippen dwaan. Letter wol Ilse auto’s of wenten ûntwerpe.
Abe-Jan van der Wal wol letter arsjitekt wurde, no sit hy op it VWO fan Liudger yn Drachten. Alle dagen fytst hy tsien kilometer fan Wynjewâld nei Drachten. Foar syn jierdei krige hy in geit kado mei de namme Durkje.
18yn2018 is te sjen alle dagen om 17.20 oere en hjir nei alle oeren nei Hea!
Deze uitzending van het programma Omrop Fryslan met de titel 18yn2018 fan 24 juny 2015 17:20 werd uitgezonden op woensdag 24 juni door Omroep Friesland.