Uitzending
Fryslân Dok - Dy nacht wie Braaksma heit wurden fan in dochter

Dy nacht wie Braaksma heit wurden fan in dochter

Fryslân Dok

17-5-2015

| 1045 x bekeken | 0 reacties
7
Dochter Jildou wennet no in strjitte fierderop. Beide komme oan it wurd oer harren wyk. Ek Thom Sandijck wennet noch hieltyd yn de Hollanderwyk. Hy wit en sammelet alles oer de skiednis fan de wyk. Syn hűs is dan ek troch de tiid hinne in soarte fan wykmuseum wurden. En molkboer Piet Inia komt al 47 jier mei syn molkwein, ek wol it ridende buerthűs neamd, yn de wyk.

Yn de Hollanderwyk stiet in grut ferskaat oan wenningen en dat makket de wyk minder saai as oare nijbouwiken fan nei de oarloch. Arsjitekt W.C. de Groot makke in fernimstich patroan fan krűme strjitten, paadsjes, hagen, pleintsjes en grienstroken.

It hűndertjierrich jubileum fan de wyk wurdt it hiele jier troch fierd mei űnder oare QR-koades űnder de húsnűmers fan alle 177 hűzen. Sa kinne foarbygongers mei harren mobile tillefoan ynformaasje oer de skiednis fan it hűs besjen. Dat moat de sosjale kontakten tusken de bewenners en foarbygongers stimulearje. It is krekt om dy sosjale kontakten en de mienskip dat de Hollanderwyk sa priizge wurdt troch de bewenners. "De stędeboukundige opset fan de wyk is sa, dat sosjaal kontakt net te mijen is,” seit Thom Sandijck yn de dokumintęre.

Fryslân DOK: It geheim fan de Hollanderwyk

Snein 17 maaie om 17.00 oere en dęrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 16 maaie om 15.40 oere en snein 17 maaie om 12.25 oere op NPO 2.

Deze uitzending van het programma Fryslân Dok met de titel Dy nacht wie Braaksma heit wurden fan in dochter werd uitgezonden op zondag 17 mei.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie