Uitzending
Omrop Fryslan - Gewest Fryslân

Gewest Fryslân

Omrop Fryslan

25-10-2014

| 1241 x bekeken | 0 reacties
7
Seereis foar Gewest Fryslân It wie net wenst, mar yn 1985 hat de Fryske Van Gewest tot Gewest redakteur Johan van der Zee in film fan in oere makke. En hy hat der in hiel jier mei oan 'e slach west. It programma Gewest Fryslân, dat elke wike priuwkes sjen lit fan de Fryske reportaazjes dy't Van der Zee en oaren eartiids makken, is net langer as in lyts healoere. Dat betsjut dat dizze Gewestlike film fan Van der Zee yn trije ôfleveringen útstjoerd wurdt. De film hjit Prins Willim. Hy lit de opbou sjen fan in replika fan ien fan de grutste Nederlânske keapfardij-skippen út de Gouden Ieu, de Prins Willem. (Der wie lykwols gjin romte om de 'e' te skilderjen en dêrom waard it de Prins Willim......) In VOC skip. It wie yn 1985 likegoed noch in yngreven wurk, dat foar it grutste part ta stân kaam yn Makkum, mei talevering út in soad plakken út Nederlân. Van der Zee en syn ploech wiene by alle opbouwurksumheden en sa sjogge jo it fan in tekening ta in skip wurden. Uteinlik giet dat skip nei Japan, troch it Suezkanaal. En sels dêr filmen de Gewestmannen, al wie dat tige nuodlik. Dan komt it skip yn Japan en dêr wurdt de film ôfmakke. It skip komt te lizzen yn Nagasaki, as in soarte fan Hollânsk museumsymboal. In hiel soad Japanners ha yn de rin fan de jierren yn dizze Nederlânske histoarje werom west. It skip is úteinlik jierren en jierren letter werom kaam yn Nederlân en yn Den Helder yn 'e brân flein. It wurdt no sloopt. Dat stiet lykwols net mear op de film út 1985. Dy film Prins Willim wurdt sjen litten yn trije bedriuwen by Omrop Fryslân yn Gewest Fryslân op 25 oktober, 1 en 8 november. Johan van der Zee fertelt yn dy programma's ek noch fan alles der om hinne. Nijsgjirrich. Tagelyk binne it de lêste trije útstjoerings fan Gewest Fryslân yn 2014, om't dêrnei de sneontejûn in tiidlang iepen stiet foar “De Utflecht”, in jongereindrama. Mids jannewaris is Gewest Fryslân der dan wer.Minder

Deze uitzending van het programma Omrop Frysland met de titel Gewest Fryslân werd uitgezonden op zaterdag 25 oktober door Omroep Friesland.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie