Op tiisdei 5 maaie is de stjoerder live by it Befrijingsfestival yn de Fryske haadstêd. It Noardewyn-muzykpoadium hat foar de achtste kear in plak op it festival. Mar leafst tsien ferskillende artysten en bands sille dêr op optrede. DJ Willem Wâldpyk iepenet it programma. Dêrnei komme ûnder oaren Martyn Ell, Dubbel Accoord & Country Wytske, Downbeat Maestros en De Boodschappers van het Algemene Nut foarby. As ôfsluting sille de Doelleazen der lykas ferline jier wer in feestje fan meitsje. De presintaasje fan it programma is yn hannen fan
Willem de Vries.
Elkenien is wolkom om mei te feesten by it poadium oan de kop fan de Grienewei/De Wissesdwinger. It programma duorret fan 12.30 oant 17.00 oere. De rjochtstreekse radio-útstjoering út de Prinsetún wei is fan 13.00 oant 16.00 oere te hearren en ek live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en op Omroplive.nl. It folsleine programma op it Noardewyn-poadium en it befrijingsfestival is te finen op www.omropfryslan.nl/befrijingsfestival en www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.
Deze uitzending van het programma Omrop Fryslan met de titel Befrijingsfestival Fryslân fan 5 maaie 2015 13:00 werd uitgezonden op dinsdag 5 mei door Omroep Friesland.