Uitzending
Omrop Fryslan - 28-12-2016

28-12-2016

Omrop Fryslan

702 x bekeken | 0 reacties
6
Hoe belibje minsken de nacht as se fan de jûn oant de oare moarns wekker bliuwe? Watfoar gedachten, petearen en gefoelens leveret dat op? Presintator Bart Kingma praat mei bysûndere Friezen oer har Hoe belibje minsken de nacht as se fan de jûn oant de oare moarns wekker bliuwe? Watfoar gedachten, petearen en gefoelens leveret dat op? Dat is it útgongspunt fan it programma Fiel de Nacht. Direkteur fan Arriva Anne Hettinga, arsjitekte Nynke-Rixt Jukema, sjonger Jack Bottleneck, skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer en âld-deputearre fan Fryslân Jannewietske de Vries diene harren ferhaal oan Bart. Dat soarge foar prachtige petearen en bysûndere mominten, mei útsjoch oer it Waad. Sa fertelt Jannewietske de Vries oer hoe¶t it har fergien is doe¶t se de provinsjale steateferkiezingen ferlear en in ferfolch fan har deputearreskip dêrnei troch oare partijen blokkearre waard. ¶Foaral dat lêste hat my it measte sear dien, de wize wêrop¶t dat gien is¶, fertelt de politika, dy¶t ek út de doeken docht hoe¶t se ta har idee fan Kulturele Haadstêd kaam en no sjocht nei de plannen foar KH 2018. Fiel de Nacht waard yn juny fia in livestream op Finsteropfryslan.frl útstjoerd. Hjir wie te folgjen hoe¶t Bart en syn gasten de nachten trochbrochten. Fan alle nachten binne no kompakte ôfleveringen makke, dy¶t útstjoerd wurde tusken de krystdagen en âld en nij, in perioade dy¶t by útstek geskikt is foar goede petearen.

Deze uitzending van het programma Omrop Fryslan werd uitgezonden op woensdag 28 december door Omroep Friesland.
(ter verificatie, je kunt ook inloggen) Plaats reactie